Op 'e nij sykaksje Appelskea

23 feb 2014 - 09:36

Nei oanlieding fan nije ynformaasje hat de plysje sneontejûn besletten om wer in sykaksje te dwaan nei de fermiste Thea Oosting-Kootstra út Ravenswâld. Dûkers hawwe sneontejûn in skoftlang oan it sykjen west yn it wetter fan de Vaart Zuidzijde en Vaart Noordzijde yn Appelskea.

Oan beide kanten waard de dyk ôfsletten foar ferkear. Der is lykwols neat fûn. Earder sneon waard ek al socht yn it wetter. Doe wiene mei sonarapparatuer en plysjehûnen dochs spoaren fûn dy't neier ûndersyk fregen. Thea Oosting wurdt sûnt ferline wike snein fermist.

Se hie doe mei har man nei in kafee west, mar se gongen ôfsûnderlik fan elkoar fuort. De echtgenoat tocht earst dat de frou by har mem sliepen bleaun wie, mar letter die bliken dat dat net sa wie. De auto fan it echtpear is op in parkearplak fûn. Se is foar it lêst sjoen op kamerabylden fan it kafee. De plysje freget tsjûgen om har te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)