Op 'e nij platen fan Achmeatoer

28 okt 2002 - 00:00

Snein binne der op 'e nij stikken fan de Achmeatoer yn Ljouwert ôfwaaid. Dat komt omdat de dakplaten fernield rekke wiene. Dat is wierskynlik kaam troch in gondel dy't brûkt wurdt foar ûnderhâld oan de gevel en om ruten te waskjen.

Sa'n gondel stiet op it dak ferankere. De befeiliging fan it bakje sit oan de platen fêstmakke, mar wie losrekke en hie guon platen fernield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)