Op 'e nij opskuor oer ATF

19 des 2003 - 00:00

Offalferwurker ATF út Drachten hat giftige oalje ferwurke, wylst dêr gjin fergunning foar wie. Dat meldt it VPRO-programma Argos yn in útstjoering oer de brân by ATF yn 2000.

ATF hat him dêrtroch skuldich makke oan earnstige miljeudelikten. Ek soe de direksje fergunnings ferfalske hawwe. De SP docht oanjefte by ministearjes fan miljeu en ekonomyske saken. ATF is no oernaam troch Van Gansewinkel, dat de beskuldiging 'nonsens' neamt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)