Op 'e nij fragen oer Frysk

19 jan 2006 - 13:45

De Earste Keamerfraksje fan de Onafhankelijke Senaatsfraksje hat fragen steld oan minister Remkes fan Ynlânske Saken oer de behearsking fan it Frysk troch de plysje. De OSF-fraksjelieder, FNP'er Hindrik ten Hoeve, wiist op de maatskiplike ûnrêst troch útspraken fan korpssjef Wagenaar.

Wagenaar sei dat plysjes net perfoarst Frysk hoege te ferstean. Ten Hoeve wol fan Remkes witte at der wol kursussen Frysk oanbean wurde oan de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)