Op 'e nij ferlies Mid-Fryslân

02 okt 2011 - 16:58

Eareklasser Mid-Fryslân is sneintemiddei yn Delft tsjin Fortuna op 'e nij tsjin in ferlies oanrûn. De formaasje fan Peter Tolsma ferlear mei 24-10. Mid-Fryslân wie yn de wedstriid de mindere ploech. By rêst stie it al 11-5 foar Fortuna. De Fryske klup bliuwt dêrmei ûnderoan stean.

Yn de haadklasse A wûn LDODK yn Den Haach mei 19-15 fan Eibernest. Troch de oerwinning bliuwt de LDODK koprinner. Yn deselde haadklasse spile SCO sneon mei 14-14 tsjin Kinderdijk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)