Op 'e nij ferlies Hearrenfean

20 apr 2003 - 00:00

SC Hearrenfean hat sneon op 'e nij trije punten ferspile. Yn Rotterdam waard mei 1-0 fan Excelsior ferlern. De beslissende goal foel yn de 66ste minút en kaam op namme fan Said Boutahar. Hearrenfean hie op syn minst in punt fertsjinne.

Benammen foar it skoft spilen de Feansters te slop, mar yn de twadde helte gie it better. Der wiene inkele knappe skotten op 'e goal. Mar keeper Varkevisser stie sukses yn 'e wei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)