Op 'e nij ferlies foar Drachtster Boys

03 okt 2015 - 17:23
  • Hjoeddeistige tastân fan it haadfjild fan Drachtster Boys

Drachtster Boys slagge der sneon op 'e nij net yn om de earste punten fan it seizoen te pakken. De ploech fan trainer Marcel van Buuren gie mei 2-1 ûnderút by CSV Apeldoorn. Yn de 30ste minút skoarde Willem de Jong út in penalty 0-1. Yn de earste helte wiene der net in protte kânsen foar beide ploegen.

De Drachtsters hiene wol kontrôle oer de wedstriid. Al frij gau yn de twadde helte kaam Drachtster Boys ûnder druk te stean. Yn de 58 ste minút waard it dan ek 1-1. Yn de 78ste minút krige Harvey Bissschop read.

Neffens de ploech wie dizze kaart folslein ûnterjochte. CSV makke flak hjirnei de 2-1. Troch it ferlies steane de Drachtsters nei 3 wedstriden noch altyd op 0 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)