Op 'e foto foar identifikaasje

24 des 2004 - 11:58

Yn soarchsintrum De Hofwyck yn Ljouwert binne alle bewenners tongersdei op de foto kommen. Dy foto's binne nedich foar identifikaasjebewizen. Fan ien jannewaris ôf moat elkenien fan 14 jier en âlder him op strjitte identifisearje kinne. De maatregel jildt ek foar minsken boppe de 80.

De fotosessy foel net by elkenien yn goede ierde. Sa die it guon tinken oan de Twadde Wrâldoarloch, doe't elk in Ausweis by him hawwe moast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)