Op 'e bon foar wyldpisjen

26 des 2000 - 16:25

Sneintemoarn is op it Ruterskertier yn Ljouwert 30-jierrige Marssumer op 'e bon gien fanwege wyldpisjen. De man pisse by in kafee tsjin in lantearnepeal. Doe't er dêr in bekeuring foar krige, stust er de middelfinger omheech en skeat in kafee yn.

Doe't twa plysjes de man mei nei bûten namen, naaide er wer út. Hy waard letter oanholden mei in 27-jierrige Goutumer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)