Op 'e bon foar útriden fan dong

07 jan 2002 - 00:00

It ôfrûne wykein binne yn Menameradiel en Ljouwerteradiel fiif boeren op 'e bon gien fanwege it yllegaal útriden fan dong. Sy hiene de dong net op in emissy-earme wize oer it lân brocht. Ek waard it lân net fuort omploege nei it dongútriden.

Yn de gemeenten Menameradiel en Ljouwerteradiel waarden sneon ferskate kontrôles holden op it útriden fan dong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)