Op 'e bon foar tefolle desibel

24 sep 2012 - 10:19
  • Plysjemotor

De plysje hat snein yn Snits fjouwer autobestjoerders en ien motorrider foar in lûdsmjitting nei it plysjeburo oerbrocht. De fiif krigen op ferskate lokaasjes yn de stêd in stopteken omdat de plysje tocht dat harren auto's en motor te folle leven makken.

By de mjitting op it plysjeburo die bliken dat alle fiif te folle desibel produsearren. Tsjin de bestjoerders waard proses-ferbaal opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)