Op 'e bon foar mishanneling

01 aug 2009 - 14:52

Op Skylge is in 19-jierrige jonge út Easterwâlde oanhâlden op fertinking fan mishanneling. De fertochte soe froulju lestichfallen hawwe, ûnder oare in frou fan 22 út Twizelerheide. Doe't har freon der wat fan sei, krige dy in klap yn it gesicht. Dêrtroch bruts er in tosk en skuorde er syn lippe.

De jonge koe koart dêrnei op in camping oanhâlden wurde. Hy hat in proses-ferbaal krigen en is fan de camping ôfstjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)