Op de foto mei Thomas Berge

25 okt 2009 - 15:02
  • Hast alle fans woene mei Thomas op de foto (foto: Marc Stijger, 112 Nederland)

Twa koarte optredens fan Thomas Berge yn Drachten en op It Hearrenfean lutsen sneontemiddei in soad benammen froulike fans. De jonge sjonger dielde knuffels, tútsjes en hantekens út. De fans namen de gelegenheid waar om foto's te meitsjen of om sels mei Berge op de foto te kommen en dêrfoar woene se wol in skoft yn 'e rige stean.

Berge wie op paad om syn cd te promoatsjen, dy't sneon mei koarting ferkocht waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)