Op de foto mei Cambuur foar SR

11 des 2013 - 17:31
  • Cambuurspilers foar SR

Cambuurspilers Ramon Leeuwin, Erik Bakker, Michiel Hemmen en Jody Lukoki stiene woansdei op de griente-ôfdieling fan de C1000 op it Cambuurplein yn Ljouwert. Net om boadskippen te dwaan, mar om jild op te heljen foar Serious Request.

Foar in pear euro koene bern op 'e foto mei har fuotbalheld. Cambuur hâldt mear aksjes lykas yn it wykein. Dan is in grutte aksje yn it stadion, dêr't sjaaltsjes te keap binne foar it goede doel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)