Op acht plakken trekfûgels telle foar Euro Birdwatch

03 okt 2015 - 11:20
  • Fûgels telle yn 'e mist by Ljouwert

It is sneon 'Euro Birdwatch' en dat betsjut dat der rûnom yn Europa trekfûgels teld wurde. Yn Nederlân bart dat op sa'n 150 plakken. Ferline jier waarden sa mear as ien miljoen fûgels teld.

Yn Fryslân binne op acht plakken fûgelleafhawwers oan it tellen, lykas op de grêfheuvel by it Ljouwerter bosk. De sifers fan alle tellingen yn Europa geane nei de polityk, sadat by besluten rekken holden wurde kin mei de fûgels. It wie sneontemoarn dreech om goed te tellen, want it wie dizich. It tellen giet troch oant sneontemiddei 5 oere.

Minsken dy't hjir belangstelling foar hawwe binne wolkom op ien fan de tellokaasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)