Oostwoud mei net ûntslaan

30 jun 2006 - 08:56

Bêdefabryk Oostwoud yn Frjentsjer mei gjin fjirtjin wurknimmers ûntslaan. Dat hat de kantonrjochter bepaald. Oostwoud wol fanwege in reorganisaasje wurknimmers dien jaan. By de kar fan it personiel dat derút moat, is rekken hâlden mei sprieding oer ferskate leeftydskategoryen.

Dat saneamde ôfspegelingsbegjinsel past it CWI ek ta by de toetsing fan ûntslachoanfragen. De kantonrjochter fynt de ûntslaggen net terjochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)