Oosterveld yn swier waar

16 feb 2011 - 11:57

By ynstallaasjebedriuw Oosterveld yn De Blesse krije minsken dien. Fan de 49 minsken moatte der 11 út. It bedriuw hat in min jier achter de rêch. Der wie folle minder wurk yn de bou. Neffens de bedriuwslieder wie it in dreech beslút.

Oosterveld is in famyljebedriuw dêr't in soad minsken mei langjierrige kontrakten wurkje. Der is ûnder oare mei it oanfreegjen fan dieltiid WW besocht it ûntslach fan minsken salang mooglik út te stellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)