Oostergo wreidet taken út

18 jun 2003 - 00:00

Dokkumer Oostergo sil tenei ek om banen sykje foar minsken mei in WAO- of bijstânsútkearing. Soks is nedich om't it sosjaal bedriuw hieltiid mear útklaaid wurdt troch it Ryk, sa fynt Oostergo sels.

Oant no ta hâlde it bedriuw him ûnder oare dwaande mei it sykjen fan wurk foar ID'ers en en WIW'ers, de eardere banepoolers. Dat dogge se al hast twa jier en dat mei, nei eigen sizzen, suksesfol neamd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)