Ooms-fertochten foar rjochter

14 feb 2008 - 17:42
  • Marinus Ooms

De fertochten yn 'e saak_Ooms moatte op 20 maart foar de rjochter yn Ljouwert ferskine. Ooms waard yn oktober 2006 ombrocht yn syn hûs yn Haulerwyk. Ien fertochte melde him fuortendaliks by de plysje. De oare twa binne yn maaie ferline jier oppakt.

De manlju wurde derfan fertocht dat se Ooms fêstbûn en mei in mes ombrocht hawwe. De saak komt no pas foar om't ien fan 'e fertochten ûndersocht wurde moast by it Pieter Baan Centrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)