Oold Ark yn museumregister

09 okt 2013 - 15:22
  • Oold Ark

De kwaliteit fan útstallings yn museum Oold Ark yn Makkingea sil heger wurde, no't it museum opnaam is yn it Nederlands Museumregister. Dat tinkt Marlies Bouma fan it museum. Oold Ark wurket inkeld mei frijwilligers.

Trochinoar komme der twatûzen besikers yn it jier nei Oold Ark. It museum lit âld ark fan eartiids sjen. It kriget gjin subsydzje. Troch de opname yn it museumregister is der mear kâns op jild út fûnsen, hopet frou Bouma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)