Oold Ark no offisjeel museum

16 maaie 2014 - 16:28
  • It ûnderkommen fan Museum Oold Ark yn Makkingea

Museum Oold Ark yn Makkingea fiert freed dat it in offisjeel registreard museum wurden is. Oold Ark hat twa jier lang dwaande west mei de prosedueres dy't jilde foar opname yn it Nederlands Museum Register. Koartlyn krige it museum berjocht dat dat slagge is.

Oold Ark is it iennichste museum fan de gemeente Eaststellingwerf dat no sa'n offisjele erkenning hat. It museum sit yn mole De Weyert en toant in kolleksje âld ark.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)