Onyeike gjin kontrakt by Cambuur

28 des 2004 - 00:00

Cambuur jout Chima Onyeike gjin fêst kontrakt by de Ljouwerter fuotbalklub. Nei de winterstop wol Cambuur inkeld mei de sintrumspitsen Thijs Houwing en Jan Bruin fierder.

Onyeike waard heal oktober oan de seleksje tafoege om't Houwing en Bruin blessearre wienen. De 29-jierrige spits spile njoggen wedstriden en skoarde twa kear. Onyeike spile earder foar Dordrecht en Haarlem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)