ONS wint rom by Flevo Boys

08 sep 2012 - 20:57

ONS Boso Snits hat de earste oerwinning yn de sneonshaadklasse binnen. Yn Emmeloard waard Flevo Boys mei 4-0 en goed spul ferslein. Op oanjaan fan Sandor van der Heide sette Curty Gonzales de Snitsers op foarsprong. Van der Heide ferdûbele de skoare noch foar de tee. Yn de twadde helte hiene beide spilers noch in kear súkses. Van der Heide die dat út in strafskop. Flevo Boys einige de wedstriid mei njoggen man. Pieter Westra en Arjen Spaan krigen read.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)