ONS wint mei 3-2 fan Excelsior

11 okt 2014 - 16:56
  • Bliidskip by de spilers fan ONS Boso Snits
  • Tjisse Kerkstra fan ONS Boso Snits

ONS Boso Snits pakte sneon in 3-2 oerwinning op Excelsior Maassluis, de nûmerlêst. Op eigen fjild kamen de Snitsers al nei 4 minuten spyljen op 1-0 efterstân. De ploech fan trainer Bert Hollander slagge der foar rêst net yn in fûst te meitsjen.

ONS kaam mei nije kriich út de klaaihokken, wat fuort nei rêst resultearre yn de lykmakker fan Age Wim van der Zee. Tjisse Kerkstra sette yn de 59e minút de 2-1 op it boerd. Yn de 77e minút makke Excelsior de lykmakker. Arnold Herder sleepte yn de slotfaze mei syn treffer de winst oer de streek.

ONS Boso Snits hat nei de winst no 9 punten út 8 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)