ONS wint Fryske derby

24 mrt 2012 - 16:57

ONS hat sneontemiddei mei 2-0 wûn fan de nûmer lêst Drachtster Boys. Op it Sudersportpark kaam de thúsploech nei tsien minúten spyljen op 1-0 foarsprong troch in doelpunt fan Patrick Goedhart. Nettsjinsteande it betide doelpunt, bleau it spul fan de Snitsers rommelich. Yn de twadde helte foel dan dochs it twadde doelpunt, makke troch Jurjen Bosch.

Terjochte winst foar de Snitsers, dy't dêrmei goeie saken dogge yn de striid om it earste plakje yn de haadklasse C. ONS klimt nei it twadde plak, ûnder koprinner WHC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)