ONS wint fan Spakenburg

07 sep 2013 - 17:19
  • ONS fiert in doelpunt

ONS Boso Snits hat sneon de tredde wedstriid yn de topklasse mei 2-0 wûn fan Spakenburg. Op sportpark De Westmaat yn Spakenburg hienen de Snitsers in poerbêst begjin troch in betide treffer fan Jurjen Bosch. Dêrnei gong Spakenburg fel op jacht nei de lykmakker. Dat soarge foar spanning op de Snitser ferdigening, mar de ploech joech amper wat fuort. Boppedat keepte Ivan Landlust goed.

Nei rêst krige de ploech fan trainer Bert Hollander folop kânsen. Yn de einfaze wie it rûtinier Sandor van der Heide dy't de wedstriid yn it slot smiet.

ONS stiet nei trije wedstriden op 6 punten. Ferline wike waard op eigen fjild ferrassend mei 2-1 wûn fan IJsselmeervogels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)