ONS wint fan Oranje Nassau

30 okt 2010 - 16:51

Haadklasser ONS Snits wûn sneon op it eigen fjild mei 4-1 fan Oranje Nassau Grins. It seach der lange tiid net nei út dat ONS winne soe, want de ploegen wiene lykweardich.

Patrick Goedhart sette de Snitsers op in 1-0 foarsprong. Yn de twadde helte makke Jan Grobbe de lykmakker foar de Grinzers. Arnold Herder en twa kear Cutrick Gonzales soargen foar de 4-1 einstân. Drachtster Boys ferlear mei 3-0 fan koprinner SDC Putten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)