ONS wint fan Kozakken Boys

23 nov 2013 - 16:25
  • ONS fiert in doelpunt

ONS Boso Snits hat sneon goede saken dien troch mei 4-3 te winnen fan de nûmer twa Kozakken Boys. Yn Werkendam kamen de Snitsers betiid op foarsprong troch in treffer fan Martijn Roosenburg. Chris de Wagt tekene nei in goed healoere foar de 2-0. Foar rêst soarge Roosenburg foar de 3-0, wêrnei't Kozakken Boys de 3-1 rêststân op it boerd sette.

Nei rêst soarge Jurjen Bosch foar de komfortabele 4-1 foarsprong. ONS liet Kozakken Boys yn it slot fan de wedstriid lykwols noch gefaarlik tichtby komme, mar luts úteinlik dochs oan it langste ein.

De ploech fan trainer Bert Hollander stiet mei 6 kear winst en 2 lykspullen út 13 wedstriden op 20 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)