ONS wint, Dr. Boys gelyk

16 apr 2011 - 17:23

ONS Snits hat yn de sneonshaadklasse mei 3-2 wûn fan konkurrint DETO. De Snitsers moasten harren twa kear fan in achterstân weromknokke. Nei de 0-1 fan DETO makke Yoshua van Marle 1-1. DETO kaam dêrnei op 1-2, mar twa doelpunten fan Chris de Wagt brochten ONS dochs noch trije punten.

Drachtster Boys like ek te winnen fan DVS '33. Se kamen troch twa goals fan Jelle Teitsma op 2-0. DVS naam de rezjy oer en naam in 3-2 foarsprong. Jacob Bras bepaalde de einstân op 3-3.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)