ONS ûnderút tsjin Spakenburg

25 jan 2014 - 17:02
  • Arnold Herder wist net te winnen fan Spakenburg
  • Jacob Noordmans mei in skot

ONS Boso Snits hat sneon mei 5-2 ferlern fan Spakenburg. Op eigen fjild seagen de Snitsers al nei 3 minuten tsjin in 1-0 efterstân oan. Yn de 24e minút soarge Spakenburg foar de 2-0 en rap dêrnei foel ek de 3-0. Sandor van der Heide soarge foar de 3-1, wêrnei't Spakenburg de marzje foar it skoft wer op 3 punten sette.

Ynfaller Ale de Boer soarge nei rêst foar de 4-2. By beide ploegen bleau de doelpuntemasjine dêrnei stykjen. Pas yn de slotsekonden soarge Spakenburg foar de einstân.

De ploech fan trainer Bert Hollander bliuwt troch it ferlies stykjen op 26 punten út 18 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)