ONS thús ûnderút tsjin Capelle

27 sep 2014 - 16:56
  • Trainer Bert Hollander

ONS Boso Snits ferlear sneon mei 2-0 fan Capelle en rekke boppedat trije basisspilers kwyt. Yn Snits stie de einstân al nei in healoere op it boerd. Nei de iepeningstreffer yn de 31e minút, profitearren de gasten efkes letter optimaal fan in misferstân tusken de Snitser ferdigening en de keeper. In ekstra domper wie de blessuere fan Age Wim van der Zee, dy't it fjild foar rêst ferlitte moast.

Nei rêst waard it noch slimmer doe't ek Roelof Strikwerda en Harvey de Boer net fierder koenen. ONS slagge der mei tsien man net mear yn te skoaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)