ONS takom seizoen topklasser

04 maaie 2013 - 16:27
  • ONS fiert feest nei it kampioenskip yn de haadklasse C
  • ONS fiert feest nei it kampioenskip yn de haadklasse C
  • ONS fiert feest nei it kampioenskip yn de haadklasse C

ONS Boso Snits spilet takom jier yn 'e topklasse. De Snitsers wûnen sneon op eigen fjild mei 3-1 fan DVS '33 en pakten dêrmei it kampioenskip yn de haadklasse C. ONS hie in dreamstart troch in doelpunt fan Chris de Wagt, dy't de Snitsers al yn de 1e minút op foarsprong sette. Sandor van der Heide wreide de marzje mei twa treffers fierder út nei 3-0.

Nei rêst wist DVS '33 wat werom te dwaan en kaam op 3-1. Mar fierder liet ONS it net komme. Troch de winst is de ploech fan trainer Jan Vlap net mear yn te heljen troch de nûmer 2 SVZW.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)