ONS stunt tsjin koprinner

18 jan 2014 - 16:56
  • Doelpuntemakker Rolf Dijk fiert syn treffer

Topklasser ONS Boso Snits is de twadde helte fan it seizoen úteinset mei in stunt troch mei 4-1 te winnen fan koprinner IJsselmeervogels. Yn Spakenburg sette Rolf Dijk de 0-1 al nei 5 minuten op it boerd. Dijk spile yn plak fan Harvey de Boer. Dijk hie in poerbêst debút want yn in kertier letter makke er de 0-2.

Fuort nei rêst makke IJsselmeervogels de oanslutingstreffer en wie de spanning werom. ONS herpakte him, wêrnei't Chris de Wagt de ferlossende 1-3 binnenkopte. Flak foar de ein wie der noch in eigen goal fan de thúsploech.

De ploech fan trainer Bert Hollander klimt nei plak 5 yn de topklasse en hat no 26 punten út 17 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)