ONS stunt by koprinner Capelle

05 okt 2013 - 16:54
  • ONS fiert in doelpunt

ONS Boso Snits hat sneon foar in stunt soarge mei de 2-1 oerwinning op koprinner Capelle. Op sportpark 't Slot yn Capelle aan den IJssel iepene de thúsploech de skoare nei eksakt in healoere spyljen. Nei rêst wienen de rollen lykwols omdraaid. Yn de jacht op de lykmakker sette ynfaller Curty Gonzales de ploech fan Bert Hollander yn de 74e minút op likense hichte. Hy besoarge Capelle dêrmei boppedat de earste tsjintreffer fan de kompetysje. Seis minuten letter soarge dyselde Gonzales mei syn twadde treffer foar de ferrassende oerwinning.

ONS Boso Snits sammele 9 punten út 7 wedstriden en stiet dêrmei op it tolfde plak yn de sneonstopklasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)