ONS Snits wint spektakelstik

10 feb 2007 - 16:34

ONS_Snits hat de útwedstriid tsjin SC_Genemuiden mei 2-1 wûn. ONS kaam troch Rudi_Mann op foarsprong. Foar rêst waard it 1-1. Yn 'e twadde helte krigen beide ploegen grutte kânsen. Rainier_Resokario fan Genemuiden krige twa giele kaarten, mar waard der net útstjoerd. Yn 'e 82ste minút makke Ton_Haarman út in penalty de 2-1.

Harkemase_Boys ferlear mei 5-0 fan koprinner HHC_ Hardenberg. ONS is no tredde. Harkemase_Boys stiet tsiende.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)