ONS Snits wint noardlike beker

17 maaie 2014 - 20:37
  • ONS spilers mei de noardlike amateurbeker
  • Harvey de Boer yn aksje foar ONS
  • Arnold Herder yn gefjocht om de bal

ONS Snits hat foar it earst yn syn histoarje de noardlike beker wûn. Yn Snits wûn ONS mei 2-0 fan Urk. Nei 20 minuten kaam ONS op 1-0 troch in fraai skot fan Curty Gonzales. Urk waard yn de twadde helte wol better, rekke sels noch de latte, mar in echt offinsyf kaam der net en doe't Chris de Wagt yn de 82e minút ek noch de 2-0 ynkopte, wie it hielendal oer.

ONS Snits spilet no ek noch foar de lanlike amateurbeker. Sneon yn Hendrik Ido Ambacht is haadklasser ASWH de (earste) tsjinstanner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)