ONS Snits wint mei 3-2

06 sep 2014 - 17:44
  • Martijn Roosenburg (argyffoto)
  • Curty Gonzales
  • Jurjen Bosch

Topklasser ONS Boso Snits pakte sneon in swier befochten 3-2 útoerwinning op Genemuiden. De Snitsers kamen betiid op foarsprong troch in doelpunt fan Rolf Dijk. Lang koe de ploech fan trainer Bert Hollander lykwols net jûchheie, want fuort dêrnei foel de 1-1.

Nei in kertier soarge Martijn Roosenburg foar de 2-1 foarsprong, mar op slach fan rêst foel de lykmakker. Yn in spannende en pittige twadde helte skeat Age Wim van der Zee yn de slotminút in strafskop fier njonken en krige Curty Gonzales read. Roosenburg wie foar ONS de matchwinner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)