ONS Snits wint Fryske derby

10 apr 2006 - 09:56

De Fryske derby yn de haadklasse fan it sneonsfuotbal tusken Harkemase Boys en ONS Snits is sneon wûn troch ONS. De koprinner wûn mei 1-2.

Yn de 51e minút sette Rudi Mann de Snitsers op in 0-1 foarsprong. Dennis Loer soarge yn de 83e minút foar de lykmakker. Sandor van der Heide skoarde de winnende treffer foar de Snitsers. ONS Snits is no sa goed as wis fan it kampioenskip yn de haadklasse C.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)