ONS Snits wint fan Bedum: 4-0

05 sep 2009 - 18:01

ONS Snits hat sneon de earste wedstriid yn de earste klasse mei 4-0 wûn fan CVVB út Bedum. By rêst stie it 1-0 troch in Snitser doelpunt fan Chalong de Bruin. Nei rêst de draaide de ploech fan trainer Fred de Boer better en skoarden Yoshua van Marle de 2-0 en 3-0 en Cutrick Gonzales it fjirde doelpunt.

De oare Fryske sneons earste klasser, Drachtster Boys, spile mei 2-2 lyk yn en tsjin it Grinzer Holwierde. Roelof de Jong skoarde foar de Boys.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)