ONS Snits wint alwer

12 apr 2008 - 16:40

Sneonshaadklasser ONS_Snits hat op it eigen fjild mei 2-1 wûn fan ACV út Assen. De Snitser doelpunten kamen fan Rudy_Mann en Tony_Alberda. Mann makke syn doelpunt al yn de earste minút. Ronnie_Pander skoarde foar ACV de 2-1 en dat bleau de einstân.

It is de tsiende wedstriid op rige dat ONS net ferliest. De Snitsers steane op it tredde plak mei 37 punten út 22 wedstriden. It tredde plak jout rjocht op dielname om de KNVB-beker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)