ONS Snits útskeakele yn beker

31 aug 2008 - 15:09

ONS_Snits leit út it lanlike bekertoernoai. Der waard sneon nei strafskoppen ferlern fan De_Bataven. Nei de ferlinging wie de stân 3-3. Foar ONS skoarden Ton Haarman, Klaas Johan Knevelman en Chalong de Bruin. Troch persoanlike flaters en in dubieuze goal wist ek De Bataven trije kear te skoaren.

It draaide út op strafskoppen en dy waarden troch de thúsploech in stik better naam. ONS miste leafst trije fan de fiif pengels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)