ONS Snits ûnderút tsjin Kozakken Boys

28 nov 2015 - 17:18
  • O.N.S. BOSO Snits

ONS Boso Snits gong sneon mei 4-1 ûnderút by koprinner Kozakken Boys. Yn Werkendam sette Curty Gonzales de ploech fan trainer Richard Karrenbelt op foarsprong. Keeper Eelke Kooistra soarge mei knappe rêdings foar de 0-1 rêststân. Fuort nei rêst makke Kozakken Boys der 1-1 fan en krige de thúsploech de smaak te pakken. Yn tsien minuten tiid stie der in 3-1 stân op it boerd. Yn it lêste kertier tekene de koprinner foar de einstân.

Troch it ferlies bliuwt ONS stean op 15 punten út 13 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)