ONS Snits troch yn 'e beker

25 aug 2007 - 20:10

ONS Snits is as ienichste Fryske amateurploech troch yn it lanlike bekertoernoai. De Snitsers wûnen mei 3-2 fan sneinshaadklasser WSV yn Apeldoorn. Grutte man wie Rudy Mann. Hy makke alle trije doelpunten.

Troch Mann kaam ONS op 0-2. Alberda miste in penalty, wêrnei WSV op 2-2 kaam. Tsien minuten foar tiid makke Mann de beslissende 3-2. FC Zwolle is no op woansdei 26 septimber yn Snits de folgjende tsjinstanner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)