ONS Snits stevich oan kop

05 feb 2006 - 12:02

Yn de haadklasse fan it sneonsfuotbal spile koprinner ONS Snits tsjin DOS Kampen. De Snitsers wûnen op eigen fjild mei 3-1. Mei it skoft wie it 2-1 foar ONS troch twa goals fan Sander van der Heide. Yn de twadde helte sette Rudi Man de einstân 3-1 op it skoareboerd.

ONS bliuwt koprinner yn de haadklasse C mei 33 punten út 14 wedstriden. De wedstriden fan Harkemase Boys en Drachtster Boys giene net troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)