ONS Snits spilet lyk

08 okt 2011 - 17:16

ONS Snits hat sneon lykspile tsjin nammegenoat ON Grins. Krekt foar tiid stie de ploech fan trainer Jan Vlap noch mei 2-1 foar, mar de Grinzers skoarden noch krekt foar it einsinjaal: 2-2.

Beide ploegen wiene like sterk, al wie de oanfal fan ONS Snits gefaarliker. Dat resultearre ûnder oare yn in kopgoal fan Ale de Boer en in penalty foar de Snitsers. Dy waard mist troch Chis de Wagt, dy't letter der wol in frije traap ynskeat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)