ONS Snits hat in goede start

17 sep 2011 - 17:11
  • Chris de Wagt makket 1-1 (foto: Klaas Hijlkema)

ONS Snits stiet nei de wedstriid tsjin DVS' 33 út Ermelo noch boppe oan yn de sneonshaadklasse. Nei twa oerwinningen, spile de ploech fan trainer Jan Vlap sneon thús mei 2-2 lyk. It waard in lyk spul omdat Chris de Wagt foar rêst en Ale de de Boer, yn de 89e minút, twa kear út in frije traap skoarden. De besikers namen beide kearen de lieding yn de partij.

Yn de selde haadklasse ferlear Drachtster Boys kânsleas mei 3-0 fan Flevo Boys.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)