ONS Snits hâldt foarsprong

27 jan 2007 - 16:27

Haadklasser ONS_Snits hat de wichtige wedstriid tsjin Excelsior_'31 út Rijssen mei 4-2 wûn. Foar rêst hie ONS der al trije ynlein. Johnny_de_Jonge makke 1-0, Sandor_van_der_Heide soarge foar de twadde en noch foar rêst makke Ton_Haarman 3-0. Letter kaam Excelsior werom ta 3-2 troch Peter_Scheppink en Amanuel_Isa. Haarman makke de beslissende 4-2.

ONS is no tegearre mei Excelsior '31 fjirde. Beide ploegen hawwe 23 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)