ONS Snits gjin kampioen

18 maaie 2003 - 00:00

It is ONS Snits sneon net slagge om kampioen te wurden fan de earste klasse E. De Snitsers ferlearen de beslissingswedstriid mei 3-2 fan Oranje Nassau út Grins.

Troch dit risseltaat moat ONS Snits yn de neikompetysje spylje foar promoasje nei de haadklasse. HZVV út Hoogeveen is de earste tsjinstanner. De Snitsers ha noch wol as doel te promovearjen nei de haadklasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)