ONS Snits is Capelle mei 2-0 oermânsk

07 nov 2015 - 16:42
  • ONS Snits

ONS Boso Snits pakte sneon in 2-0 oerwinning by Capelle. Op Sportpark 't Slot tekene Bob Schepers yn de 29e minút foar de Snitser iepeningstreffer. Dat waard ek de rêststân.

De ploech fan trainer Richard Karrenbelt kaam goed de klaaikeamer út, want Renco van Eeken tekene yn de 47e minút foar de 0-2. Dat waard ek de einstân, foar in sterk ONS. De ploech spile as ploech mei in protte ynset. It is de tredde oerwinning foar de ploech fan trainer Richard Karrenbelt. Troch de winst komme de Snitsers op 12 punten út 11 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)