ONS sleept lykspul út it fjoer

09 nov 2013 - 16:44
  • ONS fiert in doelpunt

ONS Boso Snits hat sneon op karakter in 2-2 lykspul út it fjoer sleept tsjin Excelsior '31. Yn Rijssen kaam de thúsploech nei 8 minuten op foarsprong. Binnen it healoere stie ek de 2-0 op it boerd. Op jacht nei de oanslutingstreffer soarge Martijn Roosenburg yn de 56e minút foar de 2-1. Goed ferdigeningswurk fan de Snitsers soarge foar nije kriich by de ploech fan trainer Bert Hollander. Dyselde Roosenburg soarge 10 minuten foar de ein foar de lykmakker. Jurjen Bosch miste yn blessueretiid de 3-2, wêrtroch't de ploegen de punten diele moasten.

It is it earste lykspul foar ONS Boso Snits, dat oant no ta 16 punten út 11 wedstriden sammele. De Snitsers stean op it 8e plak yn de topklasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)